De betoverhoed

De betoverhoed

books_8_betoverhoed_fr(2005) Mira har heit en mem ha in hotel kocht op in eilân dêr’t hast altyd de sinne skynt. Mar as se der oankomme, wol gjin taksysjauffeur har der hinne bringe. De minsken wurde al bang as se de namme fan it hotel hearre! Gelokkich is der in jonge, Ricardo, dy’t it wol oandoart. Fan him heart Mira dat der in tovener yn it hotel wennet: El Mago. As se by it hotel komme, falt dat freeslik ôf. It is der in binde! Heit, mem en Mira moatte hurd wurkje om it allegearre wer skjin en kreas te meitsjen, want oer trije moanne komme de earste gasten. Omdat Mira mear witte wol oer de tovener, siket se him op. Se komt foar grutte ferrassingen te stean, mar dan set se in âlde hoed op. It is net samar in hoed, it blykt in betoverhoed te wêzen. Wat der dan allegear gebeurt!

Yn 2004 frege it Fryske Berneboek my oft ik it aksjeboek foar bern fan 2005 skriuwe woe. It jier dêrfoar hie ik yn in hotel west dat oan alle kanten lekte, dêrt de lift it net die en dêr’t oare saken dy’t net doogden. (nee, ik sis net wêr, want letter kaam alles goed) It hat my wol ynspirearre om it boek yn en om in hotel ôfspylje te litten.

It boek is net mear te krijen, mar wol fia myn winkeltsje.